Famyljekeatsen 2011

Op freed 8 july is de striid wer oangien tusken de ferskillende stammen ut Mantgum en omstreken: it famyljekeatsen. Nei jierren in oprinnende opjefte moasten we dit jier in stapke werom dwaan en kamen mar op sawn petoer. Op de eardere datum wie der mear opjefte, mar dat koe troch omstandigheden net trochgean.

Mei sawn petoer ha we beslist om dit jier net yn in A- en B-klasse te keatsen, mar gewoan in list of te wurkjen mei ferliezersrunde. Petoer 7 hie derom de earste runde in mazzeltsje en bliuwde de earste omloop stean dertroch stienen de Klaversma’s mei Pieter en Jitske Klaversma en Jeroen de Vries al op’e twadde list. De rest moast derom striide. Tusken de famylje De Boer en de famylje Van der Ende wie it in echte striid, famylje De Boer mei Hans, Dayna en Sissel joech pas nei 5-5 gelyk ferlies. Dermei stienen Lyssa van der Ende, Hedwich Stienstra en Anna Brecht Bruinsma yn’e heale finale en mochten se oantrede tsjin de Klaversma’s. De famylje Muller mocht sich bewiize tsjin de ofstammelingen fan Van Sinderen: Margriet de Vries en Baukje Stienstra. Hoewol de froulju sich kranig weerden wie dit gjin partij, Jehannes en Hiltsje Muller wunen mei Jelle Bosje maklik fan de Van Sinderen’s en stienen dermei ek op’e twadde list. As letste wie der de wedstryd tusken de Hoekstra’s en de.. ja, hoe moatte je die nimme? Wer de famyljelink tusken Jurriaan en Beate Hoekstra en Klaas de Jong maklik traceerbaar is, sa is die by de Anema-Reitsma-Koldijk formaasje wat fierder te sykjen. Die wol blyken dat it in goeie formaasje wie, want de famylje Hoekstra-de Jong hie neat yn te bringen en koe gau fierder yn’e ferliezersrunde. De heale finales yn’e winnersrunde gienen tusken de Klaversma’s en de Van der Ende’s en tusken de Anema’s (der halde we it mar op) en de Mullers. Beide wedstryden waarden spannend en waarden pas op 5 -5 beslist. De Mullers en de Van der Ende’s lukten hjirby oan it langste ein en wienen hjirby fersekere fan de finale. Yn de ferliezersrunde moast de famylje de Boer tsjin de Van Sinderen’s. Disse letsten hienen de earste runde wat waarm draait en hjirmei wie disse pot gau spyle. De famylje Hoekstra-de Jong wie stean bleaun en derom gie de finale yn’e ferliezers tusken Hoekstra-de Jong en Van Sinderen. Yn’e ferliezersrunde lieten de froulju fan Van Sinderen sjen dat se neat foar neat kommen wienen. Margriet de Vries, hielendal oerflein ut Marrum woe natuurlik net sunder priis nei hús. Ek disse partij waard relatief maklik wun en dertroch hienen Margriet en Baukje de tredde priis en mochten se in hearlik stik tsiis mei nei hús nimme. Yn’e winnersrunde lieten de Mullers sich fan’e beste kant sjen. Lyssa, Hedwich en Anna Brecht koenen hjir net tsjin op en moasten belies jaan. Dat wie mar goed ek, want toen koenen se noch efkes earste help ferliene op de skatebaan. Noch in moaie neisit hawn, wertroch it famyljekeasten yn 2011 ek wer in grut sukses wie. Oar jier wer wat mear opjefte, dan sille we dan sjen of de Mullers it noch in kear winne kinne. Útslach: 1. Famylje Muller: Hiltsje en Jehannes Muller en Jelle Bosje 2. Famylje Van der Ende: Hedwich Stienstra, Lyssa van der Ende en Anna Brecht Bruinsma 3. Famylje Van Sinderen: Margriet de Vries en Baukje Stienstra

Geplaatst op 12 July 2011